troch: Ytsje Hettinga
It is in toanielstik tink ik in film of in oefening foar as der rampen komme ik sjoch huzen sûnder finsters en doarren sûnder dakken sûnder muorren selfs gebouwen mei ferlerne tuorren en brêgen op it liif yn it wetter auto’s sûnder ruten op lekke bannen dêr’t doarren iepenslein yn ’e modder hingje minsken sjoch ik op stoepen en op strjitten foaroerlizzend of op ’e rêch langút of rûngear dan sjoch ik in famke mei in hûn by in jiske-amer ik sjoch dat it in echt famke is en in echte hûn…