A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Yn wurden net

troch: Elske Kampen

Noch earder as it iere grien, sil tusken
swarte tûken wite huningmûltsjes bloeie,
de nije maitiidsloft behappe, har fêstbite
yn it hout en dan as losse bernetosken
oer de hiemen falle.
Noch waarmer as ea ferhalen sizze kinne,
sil skielk yn wyt begroeid mei grien en
blau fan giel begetten, de ripe simmer
hingje oer it lân, wylst yn it hege ljocht
kjeld al besletten leit.
Noch lûder as de hjerstsee, sil oer it strân
de stoarm yn hege trijelûden gûle, tusken
sulveren peppels syn spreuken preuvelje,
lange streken lûke op it sân en dan langút
yn wiete greppels sliepe.
Noch stiller as it wite iis sil in tin en
alderlêste swijen yn it koele wetter lizze
en djip ferskûle tusken bleke fisken
op in donker bêd fan blêden, in krêft fan
alle tiden en yn wurden net te sizzen.
(net earder publisearre)