Beselskippe troch skeane streken slachrein
boazet hjerst oan ta winter
troch neakene beamkrunen daveret treinlûd
it bluisterich waar jout ûnrêst yn ‘t liif
de tinzen tsjuster as de swarte kat op buorman’s hiem
juster skynde de sinne
in sân foar Frânsk
mem hie swietekau by de tee
jûns waard alles oars
hy kaam oan ‘e doar
oan syn eagen seach ik: it doocht net
sette him net del neist my op it sprate bêd
makke de ferkearing út
gjin útlis kaam der oer ea yn oerjefte tute lippen
liet my ûntheistere efter
de warleas wurdende wrâld fan fertriet
swabbere triennen oer myn wangen
ta stiif beferzen rillen
yn myn hert is de winter begûn.