troch: Wiebe Kaspers
Elske giet mei Peter Sanne mei Jamal Femke stiet nei skoaltiid mei Harry yn ‘e hal Bo fytst fuort mei Achmed Renée mei Lidewij ik hâld harr’ tsjin de wyn yn yn myn uppie amper by mar jûns as ik op bed lis en gau myn eagen slút dan dream ik blonde hieren fan klean en langsum út we lizze op ús skûlplak dêr by de fyfde beam se byt my sêft yn’t ear en flúster’t sacht: is dit in dream? dan ropt en raast de wekker wint de nacht net fan de moarn is de magy ferbrutsen mar kin ik de dei wer oan Elske giet mei Peter net mear troch ien doar Femke skriemt nei skoaltiid Harry hat in oar Bo triuwt Achmed’s fyts om hy sjocht skuldich nei de grûn ik stap fluitsjend op ‘e trapers haw no al sin oan jûn want aanst as ik op bêd lis en gau myn eagen slút dream ik wylst oaren skrieme fan Anna, Nynke, Janna, Ilse, Lize, Linda, Lotte, Laura, Froukje, Femke, Maeike, Maud en Fardau harren tút