A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Yn har eagen

troch: Ridzert Postma

se stie ferlern
by de bushalte nei Skraard
read doekje om ‘e holle
skean tsjin in tichte hikke
dy hie syn bêste tiid hân


‘moatst nei Skraard?’, sei ‘k
ûnnoazel, stapte fan de fyts
de reinloft efter har hast
sa swart as har gesicht
wêr hie ’k har earder sjoen?


se seach my oan
sandaaltsjes skrep yn it weake lân


yn har eagen seach ik
in tintekamp yn in stofstoarm
in bazooka fan US–makkelei
heal bedobbe yn it hite sân
kamielen op ‘e kime


se trieneage op de kâlde wyn
‘moatst myn bûsdoek?’
de earste stower waard loslitten
‘wat is bûsdoek?’ lake se
ik luts myn knûkelige fodde