troch: Auck Peanstra
Lang lyn wie ‘k krekt as alle oaren, Us heit. Yn ‘t wykein gean ‘k derhinne, Yn ‘t wykein gean we oeral hinne,
in heit en mem, in eigen thús.
Mar no is dat folslein feroare,
en wennet heit net mear by ús.
De leafde út, se woenen skiede,
it guod ferdield en ik bleau oer.
Kaam by mem dy’t in húske hierde,
yn in oar doarp, wat wie ‘k fan ‘t stjoer.
ik sleep myn guod yn ‘t taske mei.
Mem bringt my, ‘t lêste stik moat ‘k rinne,
sûnder sjen rydt se by my wei.
Heit stiet al by de doar te wachtsjen,
hy freget hoe’t it mei my is.
En ik praat, sis wat stomme dingen,
behalve dat ik him sa mis…
elke boarterstún ha ‘k wol sjoen.
Rûnom bliuwe we dan te iten,
ik bin fêst pretparkkampioen.
Ik woe wol dat ik doarst te sizzen:
Heit, ik wol leaver net mear fuort.
Mar yn ‘e hûs, op âlde stuollen
fiel ik dat alles stikken skuort.