A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wy sa mei-inoar

troch: Jelle Bangma

’t Wie dy jûn, ik wie al boppe
en ik boarte noch wat om
doe ’t ús mem ús stie te roppen
en ik wist: der wie wat. Kom,
wat soe ’t wêze, net sa skrikke.
Mar ik fielde my ferlern,
want it gie om heit en mem.

Ja, ik koe se soms wol hearre,
want dan sloech ien mei de doar.
Mar se hienen ’t wer prebearre,
hâlden soms wer fan elkoar.
Mar no woe ’t net mear tegearre,
leafde sjit soms echt te koart
en dat fielt sa frjemd apart.

Wurden klinke net itselde,
‘wy’ is oars as ‘wy’ fan earst.
Wy sa mei-inoar moat ‘k misse,
har tegearre noch it meast.
Nee, wy hoegden net te kiezen,
want wy koenen op en del,
dus wat wie der te ferliezen
en sa’n tas pakst yn in tel.

Och der binn’ sa soad as ikke
en nei hjoed komt grif ek moarn,
mar it leafst woe ‘k wer gewoan:
wurden hearre sa as earder,
wy as doe en mei-inoar,
harkje nei fertroude lûden,
simpel hâlde fan elkoar.

(Net earder publisearre)