A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wurkleas

troch: Auck Peanstra

Help, ús heit sit yn de ww!
Alle dagen is er thús.
En om’t er neat mear te dwaan hat
bemuoit er him dus mei ús!

 

‘Hee, wêr silsto no wer hinne?
Soesto dat no echt wol dwaan?’
Húswurk: ‘Soest net ris begjinne?’
Hie dy man mar wer in baan!

 

Dagen achter de kompjûter,
hy sollisiteart him gek.
Fierder komt him neat út hannen,
doelleas stiet er by it stek.

 

Us mem is al sa fan ’t hynder.
Se seit: ”k Bin myn frijheid kwyt.
Altyd dy man om ‘e teannen.
Wêrom gie dy saak fallyt!’

 

Wat in grut ferskil mei earder,
noait hie dy man wat oan tiid.
Myn wedstriden moast er misse,
dat makke my net bliid.

 

Mar no ‘k him sjoch by de line
hoecht it foar my ek net mear.
Sa ferlern dêr op it sportfjild
dat docht my eins like sear…

 

net earder publisearre