A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wurkjende jongere

troch: Auck Peanstra

Ik haw in baan foar heale dagen,
‘k fertsjinje sinten by de bare bult!
‘k Hoech myn hân net langer op te hâlden,
stean net mear by ús mem yn ‘e skuld!
Ik bin fêste oppas by de buorlju,
draai dan earst in bân mei housemuzyk!
Dy bern, se tjirgje har as wylden,
in oere letter wol’ se bêst om lyk!
Bêdtiid stjoer ik it stel nei boppen
en kin ûnder de televyzje oan!
Alles wat ik thús net sjen mei,
sjoch ik by de buorlju wol fuortoan!
Soms jei’ se de boel yn ‘e bulten!
Dat kin ‘k net brûke! ‘k Ha der wat op fûn!
Elk in grouwe lolly yn ‘e mûle
en je hearre se net wer, sa’n jûn!
Se betelje my by de oere,
iten en drinken haw ik der op ta!
As de buorlju soms wat letter komme:
hinderet neat, nammerste leaver ik it ha!
‘k Bin tige wiis mei sokke minsken,
wa hat der no sa’n moaie baan as my!
‘k Fertsjinje mei neat dwaan jild as wetter!
Moat jim ek ris oppas brûke?
‘k Ha hjir en dêr noch wol in jûntsje frij!
(út: FeRsefariaasje, 1994)