A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wû Wei 

troch: Youvan Rotteveel-Mansveld

Us omke hat yn Sjina wenne,                

dêr hat er hiel wat leard. 

Hy hat dêr by de mûntsen 

ek jierren mediteard. 

 

 

Hy fertelde faak ferhalen, 

dy mocht ik hiel graach heare. 

Benammen oer “Wû Wei” 

woe ik in protte leare. 

 

 

Wû Wei betsjut yn Sjina 

jou dy del en doch mar neat. 

Want om in soad te learen 

is skreppen hiel ferkeard. 

 

 

It gers groeit wier net hurder 

ast oan de sprytsjes lûkst. 

Do learst echt folle mear 

Asto dyn eagen brûkst.              

 

 

As ik nei wolkens seach 

en fûgels sjongen hearde, 

dan tocht ik oan ús omke 

dêr’t ik Wû Wei fan learde. 

 

 

Hoe moai oft hy fertelde 

oer libbenspaad en -wei. 

“Alles komt fansels,” sei omke 

“en alles giet foarby.” 

 

 

Doe’t wy syn jiske struiden 

oer it sêfte griene gers, 

tocht ik oan wat foarby gie 

en omkes wize les. 

 

 

Dêr leit er no, hy is net wei. 

Ik sjong: “Wû Wei, Wû Wei” 

Wa woe no net sa’n omke,              

sa’n omke as dy fan my”.