troch: Elske Kampen
der waait in winterwyn in skerpe skjirre oan ‘e loft wetterwolken yn it hok stiet myn fyts lit my hjoed mar lekker aanst yn ‘e soos in
om myn bêd
grypt my yn gips
en stive lekkens
knipt myn kontoeren
út kreakjend iis
stekt yn myn tekkens
en in kloft grize guozzen
mei beferzen bekken
beskite myn holle
krebintich te klûmjen
ik wol net nei skoalle
te kâld is de wrâld
dreame en driuwe
yn mesyk en ferhalen
waarm en bewuolle
pilske skoare en dêr
heavy death metal
oeral om myn holle