A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Winskballon

troch: Sigrid Kingma

Yn it tsjuster fan de iere moarn

lit ik myn dreamen fleane

mei in gouden winskballon

as út in mearkelân

 

De binnenkant beplak ik

mei de swietste tinzen

betocht yn lange nachten

doe’t ik út de swarte loft

siden flinters knipte

swierige letters set ik op

de side fan papier

 

En as myn winsken falle

dan kin in oar se fine

nije wjukken slút ik by

se baarne sûzjend yn ‘e sinne

en lichter fiel ik my

sa licht dat ik noch krekt net

opstiich foardat de wekker giet