A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wiet 

troch: Tjitske van Akker
Lêst holp ik heit en mem op ’t hiem 
en kaam op in idee.
Ik ferbou it hok op ’e tún
en begjin in B&B!



Nei twa wiken tsjoenderij
en my ús allen yn ’t spier,
koe myn projekt op ’t ynternet.
Wat wiene wy dochs blier!



Wat griene planten foar ’t rút
om’t dat sa húslik stiet,
de foardoar krige noch in kleurke
’k hong in buordsje op mei: ‘WIET’.



De earste gasten kamen gau
en fûnen ús plak sa prachtich.
Hja wisten net rjocht hoe’t it siet,
it Frysk wienen sy net machtich.



Se hiene fuort de plysje skille
‘er wordt hier drugs gedeald’.
‘Nee, nee, agint, ’t is net wat jo tinke!’
‘Dat seit elk dy’t him skuldich fielt.’



De oare deis stie it ferhaal yn ’e krante
mei in foto fan my mei it buordsje yn ’e hân.
Foar ús gasten kin no de fakânsje begjinne
nei dit glimkjend misferstân.





Publisearre yn Fersefariaasje edysje 2023