troch: Arjan Hut
der wie ris in Doede dy’t swart op wyt sei ‘wie ‘k mar in ko dan tocht ik net sa djip nei’ no, dêr ha ik oars wol wat fragen by: hat in bolle net al te folle oan de holle? is in keal yn wêzen as wêzen mar heal? is ‘ko’ koart foar ‘koartsichtich’? wês foarsichtich! wat witte wij fan it sielelibben fan kij? spant net de siel fan de ko oer de hiele molkewei? dat hillige bist wjerkôgjend op wysheid? Dus Doede, mei alle respekt; sis do mar even neat want wa’t de ko ûnderskat dy hat it altyd ferkeard …