A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wier wol wis

troch: Elske Kampen

Ik wie der wier wol wis fan,
dat ik mysels hiel aardich ken.
Dat gjin mins my samar ompraat,
dat ik wol sterk en stevich bin.
Mar dizze lêste simmer wie ik
sân fakânsjewiken lang,
elke dei in bytsje skiterich en
elke nacht wol even bang.
Want dizze simmer wie de simmer
nei it ôfskie fan groep acht.
Fan bûten wie ik ûnferskillich
mar fan binnen weak en sacht.
Ik die krekt as ik myn nocht hie
fan lytse berntsjes om my hinne.
Fan elke moarn en elke middei
mei myn sus nei skoalle rinne.
Ik die krekt as hie ‘k der sin oan,
einlik no in nij begjin.
Nei de stêd, nei nije minsken en
fierder as myn doarpke sjen.
Mar ynienen koe ’t my oangrize,
sloech de skrik my om it hert.
De hiele dei fan hûs ôf wêze,
betiid al fytse nei de stêd.
Net mear mei myn hûntsje rinne,
samar midden op ‘e dei.
Of noflik yn myn keamer sitte,
fier by alle drokte wei.
Mar man, wat haw ik no in wille
nei in wike wie it al klear.
Fijn mei nije freonen chille,
myn âld juf bestiet net mear.
No bin ik der dus wis fan,
dat ik mysels hiel aardich ken.
Dat gjin mins my samar ompraat
en dat ik sterk en stevich bin!
net earder publisearre