Heit rôp it my hjoed noch ta
wylst ik treuzele boppe myn blomkoal
‘do bist fyftjin, gjin fiif!’
dyselde jûns betocht ik my
wíe ik noch mar fiif
yn stee fan fyftjin
eartiids wie it risseljen fan ’e blêden
myn sliepferske
dagen sa lang lyn
doe’t ik in lyts tomke wie
en no’t ik groeid bin
fyn ik mysels allinne
gjin idee fan wa’t ik bin of wurde wol
wolst my nochris yn ’e sliep widze
by simmerske himels
heit, sjong my it ferske fan ’e blêden
bedek my mei himelsblau
en lit my in dream of twa dreame
mar no’t ik fyftjin bin
yn stee fan fiif
fyn ik mysels allinne
wie it noch mar sa ienfâldich
as doe’t ik in lyts tomke wie
en it risseljen fan de blêden
myn takomstmuzyk.