A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wetter, stien en sân

troch: Joop Boomsma

Wetter, stien en sân
lizze yn de palm fan myn hân

 

koe ik mar:

 

swimme yn de stien
drinke fan it sân
en sliepe op it wetter

 

mar foar alles is in tiid
en plak

 

want slim te begripen
de ienfâldichste saken:

 

dat lizze kinne yn de palm fan myn hân
wetter, stien en sân

 

ljochtsjend grien rôlje de golven oer elkoar
yn folsleine perfeksje
mar spatte
op de swarte rotsen

 

de see bringt en nimt
mei kanteljende tijen

 

mar wat bliuwt:
wetter, stien en sân

 

hja bliuwe
en jouwe de falske hope
op ûnstjerlikheid

 

Ut: Fersefariaasje, 1999