A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Werkommen

troch: Baukje Wytsma

Ek dizze nacht slacht wurch, ferrêde
in side fan it libben om.
De bisten ha de honger sêde
en keare nei de stâl werom.

Sa hjir en dêr sjongt no in fûgel
syn suv’re sangen. ’t Ljocht wurdt nij.
Djip yn myn hert in stielen kûgel
en ’t droanjen fan de ivige meldij.

Untstige wol ik op flewielen wjokken
de himel lâns. Ferjou it my.
Untstige oan de wrâld, de minsken
rokkeleas fleane, ’t libben fier foarby.

Mar dizze nacht slacht wurch, ferrêde
in side fan it libben om.
Hâldsto my fêst, fiel ik dyn hannen,
dan kear ik nei de wrâld werom.

(út: It blau fan de hortinsje, 1984)