A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wêr silst dy noch drok om meitsje?

troch: Froukje Annema

Wêr silst’ dy noch drok om meitsje
Dat freegje ik my wier wolris ôf
Alle dagen dat húswurk
En repetysjes, mear as genôch!
En sa moat ‘k noch jierrenlang leare
Der moat noch sa’n soad yn myn kop
Us heit seit: ‘Do moatst sa mar tinke
Dy’t syn bêst docht, dy komt hegerop.’
Us heit kin ’t sa prachtich fertelle:
‘Wat wolst’ wurde, bist dêr al út?
Ik wist it al, doe’t ik sa âld wie,
Al hiel jong naam ik myn beslút!’
Mar, ús heit ferjit dan wol efkes
Dat de tiid no oars is as doe
Us heit wist wêr’t er foar skrepte
Hy koe noch wurde wat er woe.
Mar wat ha ik noch te kiezen?
Wa seit dat der wurk is foar my?
Mear as achthûnderttûzen wurkleazen
Hear ik dêr aansens ek by?
Wêr silst’ dy noch drok om meitsje?
‘Om dyn takomst, mei kennis bist ryk
Der komme bettere tiden’, seit heit
En d’ ellinde is: hy krijt meast gelyk!
(út: FeRsefariaasje, 1984)