A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wêr sille wy ús nei wenjen sette

troch: Tsjits Peanstra

Litte wy ús nei wenjen sette yn in hûs by see
dêr’t bolsterige stoarmen om ‘e doarren spûkje
en ’t sâlte wetter bluistrich tsjin ‘e ruten slacht.
In stive wyn waait troch ús hier,
wy gean lâns ’t strân
en fine dêr de aldermoaister dingen:
in leech benzineblik
in âlde bernewein
in heal ferrotte beam
en ek in pear pantoffels,
in sok, in plestik fles
in ljochtblau kabeltou
en fûgels ûnder ’t fet
o ja, wat fyn we net.
As jutters fan professy sette wy nei hûs werom
de earmen fol mei heal ferware planken,
swier fan it wetter
skielk goed foar it iepen fjoer.

 

Litte wy ús nei wenjen sette yn in hûs by see
want dan is elke dei in wûnder aventoer.

FeRstival 2025 - finale

Sneon 25 jannewaris is de finale fan Ferstival 2025. Wa wint dit jier de grutste foardrachtwedstriid fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan spoken word yn it Frysk! Sneon 25 jannewaris, 13.30 oere, Posthuis Theater It Hearrenfean.

 

Yn it skoft treedt Mayte op. Sy is in upcoming singer-songwriter en skriuwt al har prachtige nûmers sels. Sy sjongt yn it Frysk en sil ús yn it skoft genietsje litte fan har moaie stim.