A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wat wol sa’n beppe noch

troch: Ytsje Hettinga

Us beppe hat in kreaze wente

mei foar in stoepe en achter in terras.

Foar alle ruten griene planten,

ien mei kleur der tuskenyn.

Poeke mei yn de sinne sitte,

beppe ferskoot dan it gerdyn.

 

Yn de garaazje it Renaultsje en

de fyts mei batterij.

Oeral hinne mei in freondinne,

oant ús beppe tsjin ús sei:

 

‘Ik ha nije plannen. Jou my op foar

‘Dreamhûs socht’, ‘Ik vertrek’ of

‘Boer zoekt vrouw’!’

 

Earst tochten wy dit is in grapke

wat wol sa’n grize beppe no.

Fier fuort? In oar hûs? En hjir

binne boeren by de rûs.

 

Mar nee, ús beppe is der wis fan,

sy wol tútsje op TV of ferfarre nei it suden,

yn de gong stean koffers ree.

 

Us mem dy is yn alle steaten.

Kin der mei it ferstân net by.

‘Beppe, sjoch no om jo hinne,

hjir ha jo alles, hjir bin wy!’

 

Us beppe strielet as de sinne,

‘Leave’, seit se, ‘Jimme kinne

it hjir skoan rêde sûnder my.

Kom sa út en troch mar ris del

foar in gesellige útfanhûzerij’.