troch: ytsje hettinga
Us beppe hat in kreaze wente Oeral hinne mei in freondinne, Mar nee, ús beppe is der wis fan, Us beppe strielet as de sinne. net earder publisearre
mei foar in stoepe en achter in terras.
Foar alle ruten griene planten,
ien mei kleur der tuskenyn.
Poeke mei yn ‘e sinne sitte,
beppe ferskoot dan it gerdyn.
Yn de garaazje it Renaultsje en
de fyts mei batterij.
oant ús beppe tsjin ús sei:
‘Ik ha nije plannen. Jou my op foar
‘Dreamhûs socht’, ‘Ik vertrek’ of
‘Boer zoekt vrouw’!’
Earst tochten wy dit is in grapke
wat wol sa’n grize beppe no.
Fier fuort? In oar hûs? En hjir
binne boeren by de rûs.
sy wol tútsje op TV of ferfarre nei it suden,
yn de gong stean koffers ree.
Us mem dy is yn alle steaten,
kin der mei it ferstân net by.
‘Beppe, sjoch no om jo hinne,
hjir ha jo alles, hjir bin wy!’
‘Leave’, seit se, ‘jimme kinne
it hjir skoan rêde sûnder my.
Kom sa út en troch mar ris del
foar in gesellige útfanhûzerij.’