troch: Jelle Bangma
Elkenien dy moat wat ‘wurde’, Mem seit: do kinst alles wurde: Alles, alles kinsto wurde, Mem dy sweeft mar lekker fierder, Sjoernalist kin ik net wurde: Heit seit: moatst fertrouwen hâlde net earder publisearre
mar ik wit it werklik net.
En ik moat no wier hast kieze,
want oars is ‘t foar my te let.
dokter, dûmny, direkteur…
Do hast wier genôch talinten:
sjoernalist, frachtweinsjauffeur.
want it libben noeget dy,
noeget dy mei iepen earmen:
nim de stap en fiel dy frij.
mar ik sit der dochs mar mei:
ik moat de diploma’s helje
leare, leare elke dei.
d’s en t’s skriuw ik noait goed,
ik kin ek gjin dokter wurde,
want ik bin sa bang foar bloed.
‘t libben is in moaie reis.
Wurd dysels, dat is it bêste,
dan fynst freonen ûnderweis.