A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wat in famylje

troch: Giny Bastiaans

Ik ha in hiele kloft famylje
en se binne hiel apart.


‘k Ha tsien omkes by it sirkus
allegear as akrobaat
Njoggen tantes, jonge, âlde,
skûtsjesilers binne dat.


Myn acht neefkes koarkjebreidzje
in rekôr yn ‘t Guinness Book.
‘k Ha sân suskes dy’t hurd fytse
yn in pearse rútsjebroek.


Earlik wier, myn broerkes sitte
alle seis hjir op ballet.
Myn fiif pakes siede it iten,
dus wy ite altyd snert.


Eltse sneon komme myn beppes
mei har fjouweren saktend oer.
En myn trije memmen binne
hiel wat mânsk as keatspartoer.


Myn twa heiten binn’ in duo,
jouwe tango-les derby.


Mar it meast apart bin ik wol.
want der is mar ien fan my.