A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wat in ezel

troch: Meintsje Brouwer

Us buorman oan it Kealledykje
hie lêstendeis in ezel kocht,
mar it bist bleau dwers en net te brûken,
wat ús buorman ek besocht.
Sa tocht it bistje op in moarntiid:
‘Yn dizze stâl bliuw ik net mear,
ik nim de kuierstokken, ik wol rinne,
de poaten dogge my sa sear!’
Dat moast fansels hast wol mislearje.
Ik tink datst wol begripe kinst
dat automobilisten, fytsers, brommers
har in beroerte skrokken fan dat bist.
Remmen pipen, auto’s toeteren,
wier it wie in grut tumult.
By einbeslút lei it hiele saakje
mei glês en blikskea op ien bult.
De plysje kaam mei grut bombaarje,
skreau in bon, dat foel noch ta.
Buorman moast flink ta de bûse
en de ezel in better plakje ha
Mar efter yn ‘e romme skuorre
ferboude er ek in protsje wiet.
Doe’t de plysjemannen dat ûntdutsen
wie dat foar buorman de ein fan ’t liet.
De boete en de skea woe er betelje
mar, bromme foar de rest?
Hy rôp: ‘Stom dat ik dy ezel kocht ha,
ik ha sels in ezel west!’
net earder publisearre