Moat ik dan wat wurde letter,
want is hjoed dan al foarby?
Wat bin ik no wat letter net is,
bin ik noch neat of noch te frij?
Wat moat der by en wat kin better,
wat is goed en wat is kwea?
Wat moat bliuwe of ferdwine,
wat kin wachtsje of is te let?
Mar as wat wurde werklik moat
dan wol ik alle dagen farre.
En myn eagen sille fan de ierde
nei de wite wolken dwale.
En alles sjen en dan beskriuwe,
yn eigen wurden, goed en koart.
En bewarje omdat nei my
ien ek wer wat wurde moat.
út: Dit is it gedicht/Dit is het gedicht, 2012