A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wa’t ik bin

troch: Ciska Noordmans

Bin ik oars as dy
as ik my sjen lit sa as ik bin?
Bin myn klean
dy net nei ’t sin?


Sjoch wa’t ik bin!
Myn holle, hûd en hier
sizze mear as myn stim
hjir sizze kin


Hear wa’t ik bin!
Freegje my as ik
der sels net oer begjin
Do meist my sjen


Kwetsber, mar ik rin
folslein oan ’e ein
en tagelyk oan ’t begjin
fan myn lange reis nei
wa’t ik bin