A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wat bin ik? 

troch: Berber Spliethoff

Ik wit net wat ik bin.

Hoe sjenant is dat.

Ik hear nearne by.

Ik wit net wat ik moat.

 

 

Ik doar it net tsjin ien te sizzen.

Bin ik de iennige dy’t it net wit?

Ik fyn sa’n protte minsken aardich.

Hoe wit je seker hoe’t it sit?

 

 

Jan dy giet mei Wytske,

Bauke hat it oan mei Brecht.

Klaas tute Dennis juster yn it fytsehok.

Oh, bah nee. Dat mienst net!

 

 

No en, wat kin’t dy skele?

Stel dy net sa oan.

Dat Maud mei Sjoukje giet,

dat fynsto dochs ek gewoan.

 

 

Bin ik hetro, bi of gay?

Ik ha werklik gjin idee.

Jonges, famkes it docht my neat.

Bin ik dan no ferkeard?

 

 

Ik wit net wat ik bin.

Mar fan ien ding bin ik wis.

Ik bin gewoan mysels,

wat dat dan ek is.