A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Wat apart

troch: Eize de Boer

’t Is wat apart, mar ‘k wit net better,
ik fyn ’t suver al gewoan
fan ús Willem, altyd, oeral
falt dy jonge út ‘e toan.

 

‘k Wit noch hiel goed wat ik fielde,
doe’t ús mem it lûdop sei:
‘Willem, dy is oars as oaren,
wier, dat bern, dêr is wat mei.’

 

’t Is mei him, sa docht no bliken,
lang net sa’t it wêze moat,
‘k wit hoe’t oaren oer him tinke:
‘Willem, dy is wat apart.’

 

Hjir op ús gewoane skoalle
kinne se sa’n bern net ha,
dat no giet er mei in buske
hielendal nei Drachten ta.

 

Dêr stiet in spesjale skoalle
en it is dêr sûnder mis
in fertroud en feilich plakje
foar sa’n bern dêr’t wat mei is.

 

Thús is er net altyd maklik,
eigentlik is it hiel slim,
dat it mei him yn ‘e war is,
mar wat bin ik wiis mei him!

 

Sa’t er is, wol ik him nimme
en dat slagget meastal skoan,
mar soms tink ik stikem wolris:
Willem, wiesto mar gewoan…

 

Ut: FeRs, 2011