A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

wachtsje

troch: ytsje hettinga

dêr steane se
de man
de frou


hy grut en bonkich
sy lytser
smel


de mouwen fan
it grize fest hingje har
oer de fingerseinen


op klompen is sy
lykas hy
te rom


it toutsje om ‘e mul hâldt
de mansjesteren broek
net fan ‘e klompen


de hân boppe d’ eagen
siket sy yn de fierte in
teken fan libben


skerp de sinne
ûnder de pet wei
dikert hy de dyk del


boppe stean
finsters iepen
de doar stiet oan


sûnder syn jas
út te dwaan soe er sa
ta de hûs ynrinne kinne


dat soe kinne
dat er sitten giet en seit
hjir bin ik wer

 

net earder publisearre