A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

útsjoch

troch: ytsje hettinga

knoppen yn beammen
laitsje har temjitte
in ein fljocht op


titelroazen bloeie goudgiel
tulpen yn oranjeread
sjonge fan it iere foarjier


ûnder it reiden himeldak
snobbet in fûgel fan syn
lêste winteriten


de tiidwizer fertelt
fan de maitiidsinne
op kommendewei


de hannen yn ‘e skurte
it hier glânzjend yn it nije ljocht
dreamt de frou fan simmerwaarmte


gjin fâlden oer it wetter oant
de wyn opstekt en har meinimt
nei it lân dêr’t har leafste wachtet


net earder publisearre