Mem skoarde ’n nije opdracht
by in hiele grutte klant.
En dêrom ieten wy lêst’
yn in stjerrerestaurant.
Ik hie der bêst wol sin oan,
ite kin ‘k de hiele dei.
‘k Bin gek op spare-ribs en patat
en iis mei fruchtsjes nei.
Mar hjir krigen wy earst bûljon,
in boardsje ‘consommé’.
Doe trije blêdsjes slaad
mei saus fan fûgeltsjepatee.
De tredde gong wie kwartelaai,
in healen yn ‘e dop.
De ‘Gamba à la Malaga’,
hie ik ek samar op.
De spys mei stikjes ossehaas,
wie my eins fierste koart.
Se brochten hieltyd wer in smaak,
mar noait in board patat.
Gong njoggen wie in ‘Coupe Noisette’,
mar doe wie ’t my al oer.
Ús mem fûn alles hearlik
en ús heit fûn ’t fierste djoer.
Pas om kertier oer tolven,
rekke ik dy jûns op bêd.
Ik koe earst net goed sliepe,
want ik wie noch lang net sêd.
net earder publisearre