A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Us mem en ik

troch: Eppie Dam

Us mem wol graach freondinnen wêze,
se docht as bin we och sa dik.
Se moat sa noadich ek myn boeken lêze,
mei in knypeach, sa fan, ‘do en ik’.
En altyd myn cd’s ôfdraaie,
want dy fynt se ‘echt wol fet’.
Dan sit ik my wer op te naaien –
út har mûle klinkt dat net.
Troch de stêd is al sa prachtich:
dan gibelt se, as bin we wat fan plan,
se rint oerdreaun en famkesachtich,
en dêr krij ik de kribels fan.
Hiel fertroulik mei my prate,
want sa fielt sij de dingen ek.
Mar hat se dan net yn ‘e gaten
dat ik baal fan sa’n gesprek?
It is miskien wol út te lizzen,
foarsichtich, op in mylde toan,
mar it leafste soe ik keihurd sizze:
‘Wês myn mem, en doch GEWOAN!’
(Út: Fersefariaasje 1999)