troch: Grytsje Kingma
Wy hawwe thús in kavia As ik út skoalle kom dan Syn glimmend swarte eachjes Dan nim ik him op skurte, Mar no wol er net ite, Wat sil ik him dan misse, Myn broer dy seit wat skamper:
dy heart der hielendal by,
sa’n fleurich piipjend bistje
en ‘t meast is er fan my.
is faak ús mem der net.
Se is oan’t wurk, mar ik ha
fan in praatsje wol ferlet.
sjogge my freonlik oan,
krekt as se sizze wolle:
“Fertel’t my mar gewoan”.
en kin ‘k alles oan him kwyt
oer skoalle, freonen, sifers
en hy harket altyd.
hy sit wat stil yn ‘t hea.
Syn eachjes glimme ek net mear,
miskien giet er wol dea.
myn freon, myn lytse skat.
Ik bin der hielendal mei oan
en wriuw myn triennen fuort.
“It is dochs mar in bist?”,
‘k tink by mysels: “Ja, mar wol ien
dy’t alles fan my wist”.