troch: Ytsje Scherjon
Ik haw in hiele leave heit hear, By it meitsjen fan myn widske, Dêrnei kaam it hobbelhynder, Foar myn bear soe ‘k taartsjes bakke, Yn ús tún stie ek yn glydbaan, As ik grut bin wol ‘k ek bern ha,
echt de leafste dy’t der is.
Mar as hy wat foar my makket,
giet der faak fan alles mis.
tocht ús heit dat slagget bêst.
Mar it widske wie net stevich,
‘k lei der nachts geregeld neist.
‘t like wol in boupakket.
Samar sakke ik der troch en
koe it ding by’t jiskefet.
op it strân fan ‘t Amelân.
Doe’t ús heit in kampfjoer makke,
fleach myn bearke yn ‘e brân.
dy wie makke fan hout.
Mar ik haw der nea fanôf doard,
want ús heit hie em boud.
heit fynt dat in goed idee.
Mar kadootsjes moat er keapje,
want tsjin knutsels sis ik nee!