A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Us heit

troch: Anders Rozendal

Us heit is in bêste man
dat sil elk wol witte
al giet it wolris mâl en krom


Eartiids koe er aardich fuotbalje
drave, skoppe, hymje en switte
yn ’e tredde helte wer ôfkuolje


Op in kear moast de ‘skieds’ it belije
fjochtsje op it fjild, rûzje thús
mem hjitte: do silst it fuotbaljen mije


Heit by it biljerten, in rêstich barren
mar doe’t er it biljert skansearre
kaam er dêr net wer binnen de doarren


No hat heit it fûn, hy is by it koar
stiet tusken froulju en manlju
dy sjonge as alt, sopraan, bas en tenoar


Mar nei in útfiering skodholle mem:
‘k bin benijd hoelang’t dit duorje sil
want jim heit song de fiifde stim