troch: Eppie Dam
Mei ús gimmestyklokaal is alles mis: Oeral sweeft biezemtúch, plúster en hier, Yn in kast dêr ‘t net ien de kaai fan wit It siicht op it húske, de tegels bin wiet (Út: argyf FeRsefariaasje)
it is der te kâld of kinst der wol rane,
it stjonkt der nei omkeswit en bokkepis
allinnich de behearder mei oan de ramen.
hjir fynst in pleister, dêr noch in nagel.
Under de basket leit bloed op ‘e flier,
dêr hippe dyn fuotten as dûnsjende hagel.
stiet in âld trompke mei foddige gazen.
Meist bliid wêze as der in skjirke yn sit.
Dat neame se Earste Hulp de dwazen.
fan in lek yn ‘e wasbak en jongesgespetter.
En wolst dy wol dûse nei al dit fertriet,
dan komt út beide kranen iiskâld wetter.