troch: Remco Kuiper
Ik ha sa’n wille mei ús hûntsje Blessy hân En op in dei hiene wy sa’n rare fyt Ik ha sa’n wille mei ús wylde Blessy hân Hymjend gie er efter myn sniebal oan Stilswijend streake ik syn sachte hier net earder publisearre
seach him gean efter in hazze yn it lân
of hoe’t er bytiden mei in bêste giselgong
blaffend in fytser oan ‘e bange bokse hong
hy haffele om op pake’s keunstgebyt
letter stie er al wer mei syn wiete noas
yn it kâlde wetter fol mei einekroas
tegearre op stap yn in sniewyt winterlân
sa’t er blier en longerjend foar my stie
fernamen wy it net dat der ek in auto wie
ik rôp syn namme benaud fan toan
beferzen stie ik mei learzens fol lead
koart wie de klap en snie waard read
noch noait sa tichtby en tagelyk al fier
Ik ha sa’n wille mei ús leave Blessy hân
ûnder myn eagen is er triljend stoarn