A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Us Bijke

troch: ytsje hettinga

Us Bijke is in hûn, hiel bysûnder.
Ik soe hast sprekke kinne fan in hûnewûnder.
Hûnen as ús Bijke bin’ der net in soad.
Us Bijke, ik sil ’t jim sizze, is tige snoad.
Undogens is er, mar ek hiel leaf en knap.
Fan ‘e maitiid wie it al sa’n grap.
De ein hie jongen yn ‘e koer.
Mar om derút, wie foar de lytskes in poepetoer.
Njoggen piken, neat te rêden, dat gie goed.
Mar oer de lêste siet d’ einemem yn noed.
Dy foel oer de râne fan it boatsje oan ‘e wâl.
Fladderje en krabbelje, wat die dat pykje it mâl!
Mar ús Bijke hapte hoeden yn it piipjend protsje giel,
en wûnder boppe wûnder; hy liet it pykje hiel!
De mem wie doem, raasde har heas fan ’t gesnetter.
En ús Bijke?! Dy baaide troch de reiden nei rom wetter.
Lei hiel foarsichtich it lytse pykje yn de feart.
Dêrom fyn ik ús Bijke sa bysûnder. Ja, sis mar wier geleard!
net earder publisearre