Ik wol ’t ris ha hjir oer ús beppe
Want dat is in moai portret
Sy kin rymje, sy kin rappe
En sjonge, ja sa ha je net!
En ha ik it oer ús beppe
dan is dat de mem fan ús mem
No, dat mins kin miggemeppe
en mollen fange mei in klem.
Minsken, wat ha ik in beppe!
Dêr is wier de ein fan wei.
Dy kin klauwe, dy kin skreppe,
de tún omdolle yn ién dei.
En linich, linich ús beppe!
Klimt oant boppe yn ‘e mêst.
Maitiids altyd sleatsjeljeppe,
fynt sûnder mis elk ljippenêst.
Tsjonge-jonge wat in beppe!
Sa geweldich muzikaal
op basgitaar, fet, fet slappe;
knettergoed, echt abnormaal.
In rap bekje hat ús beppe!
Sy praat altyd hûndert-út.
Tsjee, wat kin dat minske kleppe,
sy hâldt har noait, echt noait de snút.
Och ús leave, leave beppe
mèèèn, wat is dát in portret!
Wat kin sy harsels oppeppe,
mar se kin nét it alfabet.
Want it siet sjesa mei beppe:
leare, koe en kin se net.
Mar yn ’t libben – da’s it knappe –
hat sy harsels mei alles ret.