Hoi, ik haw in fraach
Ik bin al lang op syk
Bin’ alle minsken oars
of bin’ der guon gelyk?
Yn elts lân op ‘e wrâld
sjoch ik wer wat oars
kwa lingte, eagen, mûle,
kleurke, hier of noas
Sels identike twillingen
binne net unyk
De iene hat in rjocht gebit
de oar in bytsje bryk
Ik swalkje oer it ynternet
Myn fraach dy bringt my fier
Kinst in minsk wol klone?
Besteane dûbeldgongers wier?
Nei sa’n tûzen foto’s
jou ik it mar op
Ik krij hjoed dochs gjin antwurd
en set myn syktocht stop
Dan sjit it my te binnen
jûns op bêd dan tink ik nei
Ik sjoch de oerienkomst
tusken minsken oeral wei
It gnizen. Dat is itselde!
Krekt ast glimkjen en ast gûlst
Asto de mûlshoeken krollest
Wit immen watst bedoelst