A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Unwennich

troch: Margriet Poortstra

Rint de dream hjir noch troch
de keamer, mei lichte fuotten
oer it tek? Kin ik dêrom
de knibbels net oplûke, de eagen
net iepenkrije, my net ferwege?


Is it de wyn troch it iepen
finster dy ’t my oer de wangen
streaket: stil mar, ssst.


Op dizze skerpe râne
koarddûnset de berte fan ‘e dei.


Bin ik no
oan it wurden?
Waakst no
myn wêzen út bewusteleazens wei?


De geiten haw ik noch net
heard. Wêr bliuwt it lûd fan ‘e kij?
De fûgels ha net songen


Bin ik wol?


Der rûzet noch gjin wetter
troch de buizen. De klap
fan it oanrjochtslaad lit
op him wachtsje.


Leit mem noch op bêd en sil heit
te let op it wurk komme hjoed?


It is de tiid dy’t my twa tellen
foar de gek hâldt. De einleaze,
dêr’t hûndertmiljoen minuten
yn passe.


Myn ienpersoans hûs
sykhellet djip.


Haw ik sa lang sliept ?