A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Twa Heiten

troch: Elbrich Vreeling

Myn heiten setten my by skoalle ôf.
Guon út myn klasse stiene der by.
Brechtje, Lars en Jelle gniisden
en rôpen doe nei my:


‘Wiene se soms yn ’e útferkeap?
Twa heiten foar de priis fan ien?’
Ik sei neat, dus Brechtje lake;
´Ik ha noch wol in mem te lien!´


Nee, tocht ik, ik hoech gjin mem.
Ik ha hjir echt genôch oan, wier!
It giet by ús net oars as oars
hâld ris op mei jim geklier!


Ja, ik ha twa heiten en gjin mem,
in broer, in goudfisk en in kat,
mar ik soe it echt net oars ha wolle.
It giet by ús sa moai as wat.


Ien heit helpt my mei myn húswurk
de oare lústert as ik depry bin.
Beide kinne se goed itensiede
We ha it allegear nei it sin.


Ek myn heiten seure gewoan
en roppe: “It is hjir gjin hotel!”
Fine dat ik faker helpe moat
en tefolle klean bestel.


Mar fan ien ding ha ik skjin myn nocht;
fan de praatsjes en de rabberij
oer dat ’nuvere’ gesin fan ús.
alle dagen wer op ’e nij.


Oer de leafde fan de âlders,
dêroer praat gjinien.
As jim soms net witte hoe’t soks wurket,
dan ha ik noch wol in heit te lien.