A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Tút

troch: Benny Holtrop

ik soe dy in tút jaan
midden yn ‘e winkel
fan AH soe ik
myn slach slaan
by de tomaten
do wiest noch fier fuort
mar ik seach dy stadichoan
tichteby kommen

efter de winkelkarre
wiest de yochert al foarby
no de becel noch
ja ik wist watst ha moast
want ik hie dy hjir
al sa faak sjoen
ik koe de rûte dyst naamst

mar ferhip
doe stjoerdest de karre
ynienen it strjitsje yn
fan de frisdranken dêr’t
guon fan yn ‘e bonus wiene
en do kaamst net werom

ik die noch in stap fansiden
om dy nei te sjen
en doe mitere samar
it kiste mei tomaten
fan ‘e stelling
fierder fan hûs as doe
ha ik my noch nea field

út: FeRsefariaasje 2006