Us Tsjisse-Jan koe oars fluitsje as in fûgel,
mar de lêste tiid giet dat net mear.
Tsjisse-Jan hat sûnt koart in izeren bûgel,
en no docht it fluitsjen him sa sear.
De foarste tosken, boppe, stiene fierste skean.
Ek de ûndersten dy stiene bryk.
Tsjisse-Jan hie se net mear op ’n rychje stean:
mar dy bûgel lûkt no alles lyk.
Witst wat ús Tsjisse-Jan seit?
“Mei yn ‘e mûle sa’n steiger-stellaazje,
yt it beroeft en oefryslike min.
Fallol dy fellekte fine spinaazje,
de tofsken krij ‘k neitiids net wer skjin.
Yn ‘e mûlehoefken klij ik lekkaazje,
asf ‘k in affel oan it iten bwin.
Reafde biten meitsje ál sa’n ravaazje;
it bloefd rint my dêrby alftyd om ’t kin.”
Ja, wier, is ’t net slim!?
Us Tsjisse-Jan koe sa prachtich dwersfluitspylje,
mar dat kramtried sit him no sa dwers.
As muzikaalste persoan yn ‘e famylje,
krijt Tsjisse-Jan no wyks oargelles.
Us Tsjisse-Jan koe ek moai yn ‘e tsjerke sjonge,
mar dat krijt er no net rjocht mear klear.
Hy hat no dus gjin romte mear foar de tonge…
dat in freondin hat er no ek net mear.