A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

Trou

troch: Piter Jelles Troelstra

Hy hat in famke te hôf brocht,
Al jierren, jierren lyn;
Dat grêf by dy grize tsjerke
Leit it lok fan syn libben yn.


Dy faam wie ’t ljocht fan syn eagen,
Dy ferjit er nimmer net;
Har lichem begroef er op ’t tsjerkhôf,
Har siele rêst djip yn syn hert.


Syn hert is it grêf fan syn leafde;
‘t Is tsjuster, yn djippe rou;
Mar blier bloeit boppe de deade
De ferjit-my-net-blom fan de trou.