A: learlingen ût de earste klasse tmbû
B: learlingen ût de earste klasse hafû / twû / gymnasium
learlingen ût de klasse 2 en 3
klasse 4 mbû / hbû

troch gatten

troch: Marije Roorda

dy simmers wachte ik fergees
op lûden út de swanneblom
kroep de sleatswal nei de hikke ta

 

troch gatten yn it ramtwurk
fan hout en spikers
ferwide him de wrâld

 

seach it hea my oan
troch kowefinsters

 

troch gatten
fûgellûden op slach

 

de hikke yn myn rútsjeskrift
skriuw op iepen finsters
oer in tinkbyld fierderop
dat waakse wol of net

 

fan planken en oanfretten spikers
ferjage in ekster op ‘e hikke
om’t er net steure mocht
song dravend nei de hikke ta

 

foar in byld dat waakse wol
gean ik yn ‘e hoksen sitten
brûk trou myn finsterskrift

 

liste it loegjen yn mei einekroas
kopketûmele in hazze yn
it gers mei heagesichten
fersprong in tsjerketoer
boppe it einekroas
kriich de hazze in blau gesicht.

 

Út: Hjir, 2005, nû 2