Fansels, ik ek
stean hjir mei triljende skonken
mar net om’t ik bang bin foar jo
achte sjuery of jimme allegear.
Nee, as ik earlik bin fljocht de tiid
en mei faasje rin ik skoalle,
freonen, appe, swimme, beppe
ôf as in merke útsje.
Mar jûns lis ik wekker
boeken wurde stikken sketten huzen
it nachtlampke in flamjend bosk de trui oer de stoel in oanfretten skiep.
’k Draai fan sahara nei oerstreaming fan de rêch wer op it liif, swim as in
seeskyldpod eangstich fuort fan plestik sop
yn flinterslach fal ik wurch yn ’e sliep.
Dêr dûnsje ik tusken simmerblommen
ha in draak oan tou, de loft blauwer as blau
om my hinne draaft ús hûn hiel trou
yn gûnzjend gers jouwe wy ús hymjend del.
As ik wekker wurd skynt faak de sinne
pak ik de fyts en fiel my net sa ferdomde lyts
as jûns foardat ik myn dreamen dreame kin hee wacht, sjoch, net langer trilje my de skonken.