troch: Jelle Bangma
Hy hat in trui, it is in echte slobber, Dus haw ik yn panyk de plysje belle: Se pakten him doe dalik by de lurven Hy kaam de doar troch… seach sa ûngelokkich, ‘Mei ‘k wer gewoan, ik wol mysels wer wêze, út: LinKk, 2016
it is in âlderwetske wollensokkengeit.
En mei dat briltsje út it jier 2000,
moat ik jim dochs bekenne: da’s ús heit…
‘O moadeplysje, pak him op, ja no!
En pimp him op, oh please a real make-over,
ik kin de dyk net oer mei dizze grize do!’
en tilden him út slobbertrui en broek.
Och hearken, ja hy trille as in reidsje
doe’t er himsels weromfûn yn syn nije ‘look’.
hy wie wol trendy, mar ‘t wie net syn ‘thús’.
Ik wie wol entûsjast, al seach ik ek wol:
dy skinnyjeans siet fierste krap yn ‘t krús!
ik hâld dochs ek fan dy, sa asto bist?’
Doe haw ik tajûn, want ik moast bekenne:
dy âlde heit hie ‘k ek in bytsje mist.