troch: Harmen Wind
Lit harren harren hynders, Lit harren harren hearskjen, Lit harren harren brinzgjen, Lit harren harren fjouwerjen, Lit harren harren krêft, Lit harren harren hasten, út: Wei, 1998
nimmen nimt ús de swannen ôf.
It boechbyld op ús hûs
sil nea yn ierde smoare.
nimmen nimt ús de frijheid ôf.
Unstjerlik binn’ de dieden fan
wa’t foar ús rjochten stoaren.
nimmen nimt ús it sjongen ôf.
De stimmen fan alear, it liet
komt nea ta swijen.
nimmen nimt ús it fleanen ôf.
De flerken fan de geast
drage ús boppe lijen.
nimmen nimt ús de sêftens ôf.
De suverens fan hoop
falt ús as snie temjitte.
nimmen nimt ús it rêsten ôf.
Nea sil de dei fan hjoed
syn ivichheid ferjitte.